Oanhingweinen te swier beladen

17 apr 2013 - 12:22

De plysje hat tiisdeitemoarn op de Tysmawei yn Ljouwert in kontrôle op oanhingweinen hâlden. Der waarden 18 kombinaasjes mei in oanhinger kontrolearre. Yn ien gefal waard der op in karre mear as twa kear tefolle guod ferfierd.

By oare kombinaasjes wie de lading net goed fêstmakke, hie de oanhinger gjin goede ferljochting of stuts de lading út foar de dissel. Der waard ek noch in bestjoerder bekeurd, omdat hy de riem net om hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)