Rydbewiis kwyt yn Kollumerpomp

© ANP XTRA
By in laserkontrôle op de Kwelderwei by Kollumerpomp hat de plysje tiisdei trije rydbewizen yn beslach nommen. Op de dyk, dêr't 80 de maksimumsnelheid is, waard in 41-jierrige man út Muntendam betrape dy't 62 kilometer te hurd ried. In bestjoerder út Warfhuzen ried 55 kilometer te hurd en baas boppe baas wie in 48-jierrige man út Zoutkamp, dy't 149 op de teller hie en dus 69 kilometer te hurd ried.
Alle trije automobilisten binne it rydbewiis kwyt en hawwe proses-ferbaal krigen.