Tredde fertochte yn saak Eker

De 32-jierrige Muljaim Nadzak is troch de plysje op de Nationale Opsporingslijst setten fanwege syn mooglike belutsenheid by de moard op Henk Eker yn Easterwâlde. Dat wie op 9 jannewaris fan dit jier. Deselde dei waard al in man fan 29 út Bovensmilde oanholden. Dy sit net mear fêst, mar hy is noch wol fertochte.
Ein maart hâlde de plysje in man fan 27 út Amsterdam oan. De man dy't no socht wurdt is neffens de plysje de tredde fertochte yn dizze moardsaak.