Klachten oer swiere bussen

Skrâns © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Yn in tal strjitten yn Ljouwert wurdt troch bewenners klage oer trillings dy't feroarsake wurde troch swiere bussen fan Arriva. Ek docht bliken dat bepaalde drompels fersakje troch de bussen. De PvdA Ljouwert stelt fragen oan it kolleezje fan b. en w. oer de oerlêst. Sa wol de riedsfraksje witte oft Arriva-bussen ek oare rûtes ride kinne om oerlêst foar bewenners foar te kommen. De measte klachten komme fan bewenners oan de Skrâns en de Ferdinand Bolstrjitte.