Mear plysje by Snitswike

16 apr 2013 - 17:12

De gemeente Súdwest-Fryslân kriget tsientallen ekstra plysjes en mear kamerabewaking by grutte evemeninten lykas de Snitswike. Dat bart op fersyk fan boargemaster Hayo Apotheker. De ekstra plysjes wurde ynset foar tafersjoch en hânhavening by de grutte eveneminten.

Begjin dit jier is de plysje Fryslân opgien yn de plysje Noard-Nederlân. Boargemaster Apotheker hat de nije plysjetop frege om mear minsken by simmereveneminten en dat is tastien. De boargemaster seit dat syn gemeente eins net sûnder fersterking kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)