SP skrokken fan eangstkultuer

De SP yn de gemeenteried fan Smellingerlân is bot skrokken fan it nijs dat tsientallen amtners op it gemeentehûs harren bot ûnfeilich fiele troch de eangstkultuer dy't troch de jierren hinne groeid is. De partij wol dat in djipgeand ûndersyk komt nei wat him ôfspilet op de wurkflier.
Neffens in groep amtners wurde sy al jierren yntimidearre en yn guon gefallen fuortpest. As ferantwurdliken wize sy ferskate ôfdielingshaden oan en ek de gemeentesiktaris en de direkteur fan de gemeente.
Fraksjefoarsitter van der Horst is skrokken, mar it komt him net oer it mad. Guon amtners hiene him alris om help frege. Van der Horst hat ek mei boargemaster Van Bekkum praat om oan te trunen op in ûndersyk. Van Bekkum hat tasein dat er dêrnei sjen sil.