Mear Haltstraffen yn Fryslân

16 apr 2013 - 16:15

It tal jongerein dat nei Buro Halt stjoerd wurdt is yn Fryslân heger as it trochsneedtal yn hiel Nederlân. Dat docht bliken út in rapport fan Halt oer it jier 2012. It ôfrûne jier is it tal skoalbern yn Fryslân dat by Halt kaam, omheech gien fan fan 437 nei 475.

De taname hat as reden dat ynstânsjes better mei-inoar gearwurkje. Fierders is it sa dat skoallen en gemeenten der mear wach op binne. Dêrom bedarje mear bern by Halt foar in taakstraf of learopdrachten.

Trefwurden: 
buro Halt taakstraf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)