Undersyk by bedriuw yn St Nyk

Undersyk by bedriuw yn St Nyk © Alex Zwart
It Funksjoneel Parket fan it Iepenbier Ministearje hat tiisdeitemoarn ûndersyk dwaan litten by in ferwurkingsbedriuw yn Sint Nyk. Der binne fermoedens dat it bedriuw ôffalstoffen ûntfangt dy't it net krije mei.
It ûndersyk is útfierd troch de plysje en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. In wurdfierder fan it Funksjoneel Parket wol neat sizze oer it ûndersyk en in mooglike útkomst. De ôfdieling wurdt ynskeakele by it bestriden fan fraude, en kriminaliteit op it mêd fan miljeu en ekonomy.