'Wite fuotsjes' tsjin ynbraak

Plysje-embleem © ANP
By in aksje tsjin ynbraak hat de plysje yn Ljouwert moandeitejûn goed santich 'wite fuotsjes' útdield. Tûzen huzen waarden kontrolearre yn de wiken by It Fliet, by it Cambuursterplein en de Tsjerk Hiddesstrjitte. Dêr't ruten of doarren iepenstiene, liet de plysje in folder en in saneamd 'fuotsje' achter.
Mei twahûndert bewenners hat de plysje praat. Yn de measte gefallen hiene se de achterdoar of it sket net op slot, of stie der in rút iepen Yn ien gefal hong in toutsje út de brievebus. Dêrmei kin de doar mei fan 't slot lutsen wurde.
In oar hie in komplete kaaibosk yn it slot te hingjen.