Bewusteleas nei fal út beam

16 apr 2013 - 10:32

In 65-jierrige man út Kollum is moandeitemiddei ferwûne rekke nei't er út in beam fallen wie yn De Triemen. Dêr wie er dwaande beammen om te kappen, doe't er fan 'e ljedder foel. It slachtoffer is sawat fjouwer meter nei ûnderen ta fallen. Hy wie eefkes út de tiid en klage dêrnei oer pine op it boarst. De man hie ferskate ferwûnings. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)