Wettersteuring foarby

16 apr 2013 - 10:13

De wettersteuring yn Harns is wer foarby. It lek is fûn. It siet yn de haadwetterlieding op it yndustryterrein yn Harns. It lek ûntstie tiisdeitemoarn om 20 oer achten. It gefolch wie dat yn hiel Noardwest-Fryslân gjin wetter út de kraan kaam.

Wetterbedriuw Vitens hat it lek lokalisearre en in omlieding makke en fan tsien oere ôf hiene de measte húshâldings yn Harns wer wetter. Yn de omkriten fan Harns kin it wat langer duorje foardat de druk der wer op sit.

De wetterbreuk ûntstie as in spontane breuk. De wetterlieding wie krekt nij oanlein. Wêrtroch't de breuk ûntstie, is noch net dúdlik. It kin troch ferskowings yn de grûn, mar dat hoecht hjir net oan 'e oarder te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)