Snútslach foar fytser

16 apr 2013 - 10:06

In man fan 23 jier út Ljouwert is moandeitejûn om alve oere hinne mishannele oan de Eastergrêftswâl yn syn wenplak. It slachtoffer siet op 'e fyts en waard oansprutsen troch in frou dy't it paad frege. Op dat stuit kaam der in man oanrinnen. Dy joech de Ljouwerter in fûstslach yn it gesicht en trape him tsjin de skonken. Dêrnei naaide it duo út. It soe gean om twa junkies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)