Razend oer de Suderhaven

16 apr 2013 - 09:58

De plysje hat ôfrûne nacht yn Harns in 24-jierrige man út Noardwâlde oppakt. Hy rûn oer de Suderhaven en wie lûd oan it razen. Neffens tsjûgen wie er dronken. De plysje waard warskôge en dy trof de man achter it stjoer fan syn auto oan. Hy koe him net legitimearje. Yn syn auto stie in tas mei ynbrekkersark. De man is oanhâlden. It guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Harns Suderhaven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)