Nasjonale Sportwike op It Fean

Sportstêd Hearrenfean © Google Street View
Op It Hearrenfean wurdt ein april foar it earst de Nasjonale Sportwike hâlden. Swimbad Sportstêd, it CIOS en de jeu de boules-feriening dogge mei. De organisaasje is yn hannen fan sportkoepel NOC*NSF.
In wike lang sille alle dagen aktiviteiten wêze foar alle leeftiden. It giet om sirkwytraining, spinning, búkspieroefeningen, swimmen, droechtraining foar it reedriden en kuierjen. Minsken kinne ek fiktyf op in fyts de Alpe d'Huez beklimme en besykje om 100 meter te roeien.
It bedriuwslibben, skoalbern en bewenners kinne oeral oan meidwaan. Doel is om sjen te litten hoe sûn en benammen hoe leuk oft sport is.