Muzikale projekten KH2018

In jier lang alle dagen muzyk, it mei topkomponisten fêstlizzen fan lûden út de natoer en de tasizzing dat grutte festivals foarstellings hâlde yn Ljouwert. Dat binne trije konkrete saken dy't yn it bidbook komme te stean dat Ljouwert skriuwt om kulturele haadstêd te wurden yn 2018.
Dat waard moandeitejûn bekend makke op de kulturele pitstop. Dêr waarden 400 minsken bypraat oer de lêste stân fan saken yn de race om de titel Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.
By it muzykprojekt is it de bedoeling dat oeral yn de provinsje altyd wol earne muzyk makke wurdt. It fêstlizzen fan lûden út de natoer falt ûnder it projekt 'Kening fan de greide'. Dat hat as doel greidefûgels te beskermjen. De festivals dy't stipe jûn hawwe oan Ljouwert binne it teaterfestival Amsterdam en Poetry International.