Mear tafersjoch op ynbrekkers

In groep Ljouwerters fan wa't bekend is dat se geregeld ynbrekke, sil op 'e hûd sitten wurde troch de plysje. Se wurde folge en hieltyd oansprutsen troch aginten. As se linkt wurde kinne oan in ynbraak dan wurde se fuortdaliks oppakt. Har gedrach moat sa beynfloede wurde.
De plysje wurket op it stuit oan in list mei nammen. Dêrneist sil ek sjoen wurde nei de eftergrûn fan de ynbrekkers. Troch se te helpen kinne se mooglik op it rjochte paad hâlden wurde.