Binnenstêd ûnfeiliger wurden

15 apr 2013 - 16:40

De binnenstêd is neffens de gemeente Ljouwert dit jier wer it minst feilige gebiet fan de haadstêd. Ut de nijste sifers docht bliken dat de drugsoerlêst net minder wurdt. Fierder is der it probleem fan ynbraken en stellerij. Alles byelkoar is de feilichheid fan de Fryske haadstêd der in bytsje op achterút gien.

Der binne twa wenwiken yn Ljouwert bykaam dêr't it rapportsifer feiligens ûnder de 6 sakke is. Sa skoart de wyk It Vliet minder. De oerlêst fan geweld, ynbraken troch jeugd is der slimmer wurden.

Boargemaster Crone hat de Ljouwerter binnenstêd wer oanwiisd as feilichheidsrisikogebiet. Oerlêst troch drugs, ynbraken, stellerij en fan jeugd bliuwt in probleem. Sûnt 2004 wurde maatregels naam, lykas in messeferbod en de mooglikheid om previntyf te fûilearjen. Letter kaam dêr kamerabewaking by, in gebietsferbod foar oerlêstferoarsakers en in 'samenscholings'ferbod op de Weaze. Dêrtoch is it rapportsifer wol wat omheech gien. It is no 4,6.

Trefwurden: 
binnenstêd drugsoerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)