Twa famkes út It Fean fermist
Twa famkes fan 13 en 14 jier fan It Hearrenfean wurde sûnt sneintejûn sân oere fermist. It giet om Soraja Samsoedien en Charissa van den Berg.
De beide famkes binne op de fyts fuort gien en dêrnei net wer sjoen. De plysje tinkt dat se noch op It Hearrenfean binne. De plysje is yntusken in Burgernetaksje begongen om de famkes te finen.