Krânslizzing yn Ljouwert

15 apr 2013 - 14:00

Op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert hawwe skoalbern fan fiif basisskoallen moandeitemoarn krânsen lein by it oarlochsmonumint. 15 april is de dei dat Fryslân befrijd waard yn de Twadde Wrâldoarloch. By de betinking droegen bern gedichten foar.

Der wiene taspraken fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en Gerrit Fokkema, ien fan de minsken dy't yn desimber 1944 befrijd waard by de Oerfal op de Ljouwerter finzenis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)