Kettingbotsing by Drachten

15 apr 2013 - 08:52
  • File

By in kettingbotsing op de A7 by Fryske Peallen rjochting It Hearrenfean binne moandeitemoarn fiif auto's opelkoar klapt. Der rekke net ien ferwûne. Troch de kettingbotsing ûntstie der in lange file. Beide rydstroken rekken blokkearre en it ferkear moast oer de flechtstrook.

Even fierder op de A7 by Marum wie moandeitemoarn ek in oanriding. Dêr wiene twa auto's by belutsen. Hjir rekke ien persoan licht ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)