Frysk poadium gersbaan Vries

14 apr 2013 - 18:20

De Fryske gersbaanracers binne it seizoen om it iepen Nederlânsk kampioenskip poerbêst útein set. Yn Vries stie der snein oan it ein fan de dei in folslein Frysk poadium. It earste plak gong nei Jeffrey Woortman dy't in geweldige dei hie en al syn heats wûn. It twadde plak wie foar Jannick de Jong, folge troch Dirk Fabriek dy't de tredde tree beklimme mocht. Krekt njonken it poadium einige Henry van der Steen fan Aldebiltsyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)