Weening 8e yn Amstel Gold Race

Hurdfyster Pieter Weening is snein achtste wurden yn de Amstel Gold Race. De winst gong ferrassend nei de Tsjech Roman Kreuziger, dy't de lêste acht kilometer allinne ried. Weening hie op 40 km foar de ein sjen litten dat er foarm hat. Doe sprong er op de Eyserbosweg út it peloton, op jacht nei de koprinners. Yn de finale mei de klim oer de Cauberg wie de akku leech by de 32-jierrige Harkyt. Alejandro Valverde twadde waard, krekt foar Weening syn ploechmaat Simon Gerrans. Bauke Mollema waard tsiende.