Cambuur bliuwt op titelkoers

14 apr 2013 - 16:26
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat snein poerbêste saken dien op jacht nei it kampioenskip. Yn in bomfolle Vijverberg wûnen de Ljouwerters mei 2-1 fan De Graafschap. Martijn Barto iepene de skoare nei goed 20 minuten. Dêrnei krige de spits de útlêzen kâns op de 2-0, mar dit kear hobbele de bal krekt foarlâns.

Nei rêst fierde De Graafskap de druk heger op. In kertier foar it ein resultearre dat yn de lykmakker fan ynfaller Piotr Parzyszek. Op jacht nei de winnende treffer wie it Barto dy't it publyk fan Cambuur krekt foar tiid opnij op 'e banken krige.

De spilersbus fan Cambuur waard by thúskomst opwachte troch in pear hûndert tefreden en feestfierende supporters mei fjoerwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)