Sechsde winst Feanfroulju

SC Hearrenfean © ANP
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha sneon harren sechsde oerwinning yn de BeNe League pakt. Yn en tsjin Sint Truiden waard mei 3-0 wûn. Foar rêst profitearre Vivianne Miedema optimaal fan in ferkearde úttraap fan de Belgyske keepster en sette de Feanfroulju op foarsprong.
Nei it skoft wie it opnij Miedema dy't it fizier oant twa kear ta op skerp hie en sa de froulju fan trainster Jessica Torny de fertsjinne winst besoarge.
SC Hearrenfean stiet nei seis oerwinnings op it tredde plak yn de BeNe League B mei 18 punten út 8 wedstriden.