LDODK wint fan hikkesluter

14 apr 2013 - 14:20

De kuorballers fan LDODK binne de twadde helte fan de fjildkompetysje útein set mei in 25-18 oerwinning op de nûmer lêst Oost Arnhem. Op eigen fjild hie de thúsploech net folle muoite mei de Arnhemmers. By rêst stie der in komfortabele 14-9 foarsprong op it boerd.

Ek nei it skoft wie de formaasje út De Gordyk en Terwispel de boppelizzende partij. By in 20-14 stân koe LDODK de wedstriid kalm útspylje. In wichtige oerwinning foar de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool, dy't in minne start fan de fjildkompetysje hie.

LDODK stiet noch altyd op it 7e plak mei 5 punten út 8 wedstriden. SCO út Aldeholtpea stiet op in dield fyfde plak tegearre mei Amicitia. Beide ploegen ha in punt mear as LDODK. Mid-Fryslân is fjirde mei 9 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)