N381 woansdei foar part ticht

14 apr 2013 - 12:53

De N381 is kommende woansdei ôfsletten tusken it buertskip Selmien en Wynjewâld foar al it ferkear. De dyk én de paralleldyk binne ticht. Dat is nedich omdat der in heechspanningsmêst ferpleatst wurde moat.

Dy stiet no op in plak dêr't de nije eastlike baan fan de N381 komt te lizzen en stiet dus yn 't paad. Moandei en tiisdei wurdt wurke oan de tariedings fan it ferpleatsen fan de mêst. Op syn nije plak, 26 meter fierderop, wurdt de mêst fiif meter heger om de heechspanningskabels op feilige hichte te bringen boppe de nije N381.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)