Boargers jeie ynbrekker op

14 apr 2013 - 09:50

Meardere minsken hawwe sneontemiddei op It Hearrenfean besocht in ynbrekker te pakken. De bewenners fan in hûs oan it Hoefblad seagen dat der in ûnbekende man yn harren wenning stie doe't se thúskamen. De bewenners besochten de ynbrekker fêst te hâlden, mar dat slagge net.

De man naaide út rjochting De Zanden. Tsjûgen seagen wat der barde en besochten de fertochte te pakken te krijen. De man draafde It Hege Stik op en waard dêr oppikt troch in grize auto. Dy waard net mear oantroffen. It is noch ûndúdlik as der wat meinaam is út it hûs.

Trefwurden: 
ynbraak wenning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)