Stipe foar posysje Fryslân

14 apr 2013 - 09:22

32 Europeeske politike partijen hawwe in resolúsje fan de FNP oannaam dat Fryslân as bestjoerlike ienheid bliuwe moat. Yn dyselde resolúsje pleitsje de partijen dat Fryslân oer syn eigen fermogen fan 1,2 miljard euro beskikke moatte kin en ek sels beslute kin oer syn eigen ynkomsten en útjeften.

De partijen wize it Nederlânske regear op syn ferantwurdlikheid foar de bysûndere posysje fan Fryslân. Dat is in oantal útkomsten fan it EFA-kongres dat dizze dagen holden wurdt yn Meran, yn Súd-Tirol yn Italië.

Trefwurden: 
FNP EFA resolúsje Súd-Tirol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)