SWS hast út topklasse

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart Boso Snits hat oan de útwedstriid tsjin Gemert ien puntsje oerholden. It waard op sportpark Molenbroek yn Brabân 1-1. Al nei trije minuten kaam de thúsploech op foarsprong. Oanfierder Thijs Goes makke nei in healoere de lykmakker. Nei in oere spyljen lei de wedstriid trije kertier stil, omdat de skiedsrjochter in blessuere krige. Doe't in 'nije' fluitist fûn wie waard de wedstriid útspile. SWS kin mei noch trije wedstriden te gean de degradaasje amper mear ûntrinne. In promoasje-degradaasjewedstriid soe yn teory noch kinne.