Ferlies follybalfroulju Snits

De winst is binnen © awfoto.nl
De follybalsters fan Snits koene it foar de fjirde kear dit seizoen net oprêde tsjin Irmato Weert. Yn de lêste thúswedstriid fan it seizoen yn de Snitser sporthal wie Weert, de nûmer twa yn de earedivyzje, mei 3-1 te sterk. De setstannen: 16-25, 23-25, 25-21 en 20-25. Snits koe de tsjinstanner aardich byhâlde, mar boppe de tweintich punten dielde Weert de beslissende klappen út. Snits bliuwt fjirde yn de kompetysje. De froulju komme noch twa kear bûten Fryslân yn aksje.