Dronken Ljouwerter oanhâlden

13 apr 2013 - 14:12

In dronken Ljouwerter hat foar oerlêst soarge yn de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert. Om healwei achten sneontemoarn fûn de plysje in sliepende man yn in portyk op de Skieringerwei, hy wie swier ûnder ynfloed fan alkohol.

De plysje stjoerde de man nei hûs, mar in oere letter kaam der in melding dat der op de Hazelaarstrjitte in dronken man oer auto's rûn. It gie om deselde man, de plysje hat him oanhâlden. De auto's ha gjin skea oprûn.

Hy hat bekeurings krigen foar iepenbiere dronkenskip, balstjurrichheid en foar it net by him hawwen fan in identiteitsbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)