SC Cambuur mist Rose en Hemmen

13 apr 2013 - 12:12

Sportklup Cambuur kin snein yn de belangryke wedstriid tsjin De Graafschap net beskikke oer Yuri Rose en Michiel Hemmen. Beide spilers binne net fit genôch. Oan de oare kant komt Melvin de Leeuw wol wer werom fan in blessuere, hy begjint op de bank. Mohamed El Makrini is wer ynsetber nei in skorsing en begjint yn de basis.

Om't Cambuur meidocht om it kampioenskip krijt de ploech in protte stipe fan de supporters. Se stutsen de spilers sneon by de training in hert ûnder de riem mei in moaie aksje.

Sa'n 150 man kamen sjongend en fjoerwurk ôfstekkend nei de training. Trainer Henk de Jong glundere: 'Dit is machtich moai, dit is echt Cambuur. Ik bin der grutsk op dat it sa giet.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)