Direksje sjocht krityk DE net

13 apr 2013 - 11:04

De direksje fan Douwe Egberts Master Blenders seit him net te werkennen yn de krityk fan de fakbûnen. Dochs sille se der serieus nei sjen, sa seit in wurdfierder.

De fakbûnen sizze dat der in eangstkulteur hearsket ûnder de wurknimmers fan it kofje- en teefabryk. Se binne benaud foar harren eigen takomst as se krityk hawwe oer hoe't it giet by Douwe Egberts. Dat soe bliken dwaan út eigen ûndersyk fan de fakbûnen. De direksje seit ek sels in ûnôfhinkelik ûndersyk dien te hawwen. Deryn soe de eangstkulteur net nei foaren komme.

De fakbûnen kleie ek oer de hege wurkdruk by DE en dat kloppet wol, sa seit de direksje. Dêr wurdt ek aksje op ûndernaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)