'Kultuer fan eangst by DE'

13 apr 2013 - 08:18

De 2300 meiwurkers fan DE Masterblenders 1753 op De Jouwer en yn Utrecht hawwe te lijen fan in eangstkultuer op it wurk. Dat stelle de fakbûnen nei in ynventarisaasje. Meiwurkers kleie oer in hege wurkdruk, in sfear fan yntimidaasje en ûnsekerheid oer harren baan. Der is gjin romte foar krityk, wylst der in soad ergernis is - bygelyks oer de hege beleanings fan de top fan it bedriuw. It Jouster fabryk stie altyd bekend om syn iepen kultuer, mar ek dêr wurde meiwurkers neffens it bûn yntimidearre.

DE Masterblenders 1753, dat ûntstie op De Jouwer mar útgroeide ta in wrâldkonsern, gie in jier lyn nei de beurs neidat it him ôfsplitst hie fan Sara Lee. Yntusken liket DE yn hannen te kommen fan in Dútske ynvestearder. De bûnen roppe de nije eigener op wer mei respekt mei de meiwurkers om te gean.

Trefwurden: 
eangstkultuer DE fakbûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)