Topwurk Rinsema yn Dr8888

12 apr 2013 - 21:02

Museum Dr8888 hat in topwurk fan de Drachtster keunstner Thijs Rinsema yn de kolleksje krigen. Dit mei tank oan de Ottema-Kingma Stichting. It giet om it skilderij 'Zonder titel (Ruiters)' út 1925. Dit wie yn partikulier besit. By de grutte oersichtstentoanstelling fan Rinsema yn 2011 yn Museum Dr8888 wie it skilderij ek al te sjen. No makket it ûnderdiel út fan de nij ynrjochte Rinsema-fleugel fan it museum.

Museum Dr8888 hat mei mear as sechtich wurken de grutste kollleksje Rinsema yn de wrâld.

Trefwurden: 
Rinsema Museum Dr8888
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)