Gouden brosj foar Fiskershúske

12 apr 2013 - 20:31

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat hat ôfrûne wike in antike gouden brosj út de 19e ieu krigen foar de rûnlieder fan it museum. De brosj komt fan in mefrou út Amsterdam dy't op Goedfreed in besite brocht hie oan it museum. It past goed by de sieradekolleksje fan it Fiskershúske. It museum mocht de brosj allinnich ha ûnder betingst dat de rûnlieder it ek drage sil op bysûndere dagen.

Trefwurden: 
brosj Fiskershúske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)