EU iens mei oername troch FC

Logo FrieslandCampina
De Europeeske Kommisje hat de oername fan tsiisspesjalist Zijerveld & Veldhuyzen út Bodegraven troch suvelkorporaasje FrieslandCampina ûnder betingst goedkard. Dat makke de kommisje freed bekend. FrieslandCampina kundige de oername yn jannwaris fan dit jier oan. De kommisje lit witte dat FrieslandCampina noch in oantal tasizzingen útfiere moat om foar te kommen dat de konkurrinsje op de Nederlânske merk foar saneamde healhurde geitetsiis tefolle beheind wurdt.