Nij gebou Kijlstra yn Drachten

12 apr 2013 - 17:28
  • Kijlstra
  • Kijlstra
  • Kijlstra

Yn Drachten is freedtemiddei it nije ûnderkommen fan Kijlstra Ambulânse- en Persoaneferfier iepene. Dat waard dien troch kommissaris fan de Keninginne Jorritsma en boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân.

Kijlstra wie mear as 80 jier fêstige yn it sintrum fan Drachten, mar koe dêr net mear fierder groeie. It nagelnije gebou leit tichtby de A7 en de N31 en hat 6 miljoen euro koste. Der wurkje 350 minsken by it famyljebedriuw, dat mear as twatredde fan it ambulânseferfier yn Fryslân fersoarget.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)