Meldpunt foar bisteferfolging

12 apr 2013 - 15:58

Der moat in lânlik meldpunt komme dêr't minsken de ferfolging fan benammen rôfbisten en rôffûgels trochjaan kinne. In inisjatyf dêrfoar wurdt benammen yn Fryslân naam.

Dat is freed bekend makke yn Bakkefean by de ûndertekening fan in konvenant oer it tafersjoch op de natuer. Doel is om mear minsken safier te krijen dat sy ynformaasje troch jouwe wêrtroch der mear minsken pakt wurde kinne. It is in inisjatyf fan it Centraal Veterinair Instituut, de Fryske Miljeufederaasje en de milieuresjerzje fan de plysje Noard-Nederlân.

It meldpunt moat dit jier begjinne yn Fryslân. Takom jier folgje dan Grinslân en Drinte en dêrnei de rest fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)