Friezinne yn muzykfinale

12 apr 2013 - 15:33

Astrid den Daas fan Aldskoat stiet op 21 april yn de nasjonale finale fan de prestisjeuze klassike muzykwedstriid it Prinses Christina Concours. Ferline jier helle de klarinettiste de kwart finale en dit jier dus de finale, yn de swierste kategory: dy foar konservatoariumstudinten.

De 19-jierrige Astrid den Daas wennet yn Grins en studearret dêr klarinet oan it Prins Claus Conservatorium. Se oefenet alle dagen 4 à 5 oeren op it blaasynstrumint. Op it konkoers spilet se Solo de Concours fan Rabaud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)