AB Vakwerk: 'omset 84 miljoen'

AB Fryslân Snits © Google Street View
Utstjoerorganisaasje AB Vakwerk hat ferline jier in omset draaid fan 84 miljoen euro. Dat is gelyk oan 2011. Lanlik liet de sektor foar útstjoerburo's yn 2012 sjen dat der 4 prosint minder omset draait is.
It wie wol in dreech jier foar AB Vakwerk troch de ekonomyske malêze. De lêste perioaden fan 2012 gie it wer dúdlik de goeie kant op mei it bedriuw en ek it earste part fan dit jier sjocht der goed út. AB Vakwerk hat sa'n 1150 minsken yn fêste tsjinst en sa'n 4000 wurknimmers op tydlike basis.