Asbest yn tsjerke Toppenhuzen

12 apr 2013 - 11:50

By de ferbouwing fan de Johannestsjerke yn Toppenhuzen is flink wat asbest fûn. De gefaarlike stof sit om 100 jier âlde ferwaarmingsbuizen hinne.

It wie wol bekend dat der asbest ûnder de flier lei, mar it is folle mear as tocht, mei-inoar sa'n 50 meter. Yn en om de tsjerke út 1695 wurdt op it stuit grut ûnderhâld dien foar sa'n fjouwer en in heale ton. Ek wurdt it ynterieur oanpast. It asbest soarget foar in pear wiken fertraging en foar ekstra kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)