Riedsleden Ljouwert hâlde op

12 apr 2013 - 09:46
  • Gemeente Ljouwert

De gemeenteriedsleden Cocky den Hollander en Ans van den Berg fan it CDA yn Ljouwert komme net werom yn de nije gemeenteried fan Ljouwert. Beide fine dat it tiid is foar oare saken.

Den Hollander sit sûnt 2004 yn de gemeenteried, Van den Berg sit der sûnt de lêste riedsferkiezings yn. Der binne ein dit jier riedsferkiezings yn Ljouwert, fanwege de weryndieling mei it noardlik part fan Boarnsterhim. It CDA nimt op 18 juny in beslút oer de kandidatelist foar dy ferkiezings.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)