Ein oan kleanbeurs Hurdegaryp

11 apr 2013 - 22:50

Der driget definityf in ein te kommen oan de twaddehâns kleanbeurs fan Hurdegaryp. De beurs wurdt al 32 jier alle moannen hâlden yn it doarpshûs, mar yn de nijbou fan it doarpshûs is gjin plak mear foar de beurs. Foar de opslach fan klean is in grutte romte nedich en dy romte komt der yn it nije multyfunksjonele sintrum net.

Dit ta grut fertriet fan de frijwilligers en de klanten. De beurs wurdt altyd drok besocht en smyt alle kearen in pear hûndert euro op foar it goeie doel.

Tongerdeitejûn waard de beurs noch hâlden en ek yn maaie en juny is der noch in beurs. Dernei is it, sa as it no liket, definityf oer. Freed hawwe de frijwilligers noch in lêste petear mei de wethâlder.

Trefwurden: 
Hurdegaryp kleanbeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)