Dupearre troch stellen trekker

11 apr 2013 - 20:19

Undernimmer Gerben Visbeek fan de Seedykstertoer yn Marrum is dupearre omdat syn trekker stellen is. De trekker wurdt brûkt om de toerwein te lûken. Op dizze wein wurde toeristen troch it kweldergebiet riden.

Takom wike begjinne de tochten wer. Om de trekker klear te meitsjen foar it nije toeristeseisoen stie er foar in ûnderhâldsbeurt by in garaazje yn it doarp. Dêr is er begjin dizze wike op in nacht stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)