Bysûndere keatsbal op feiling

Feilinghûs Ald Fryslân feilt moandei in bysûndere sulveren keningsbal út 1756. De bal komt út Grinslân en hat in wearde fan tusken de seis en acht tûzen euro. Neffens it feilinghûs is de bal fan útsûnderlike kwaliteit.
Op de bal stiet in keatsfjild mei keatsende manlju, in tafel mei dêrop iten en drinken, en in keatsbal wêrfan it stiksel fan de learen bal hielendal yn sulver neimakke is. De keningsbal is sa grut as in echte keatsbal. Dit wykein is de bal te besjen yn it feilinghûs.
It feilinghûs hopet dat de bal kocht wurdt troch in Fryske sammeler. Op dizze wize wurdt it stikje kultureel erfguod foar Fryslân behâlden.