Flessepost nei 40 jier werom

11 apr 2013 - 16:52

Mear as 40 jier neidat er by It Amelân yn see goaid is, is in stik flessepost by de ferstjoerder werombrocht. Mike van Beusekom út it Grinzer Aduard, smiet yn de fakânsje op It Amelân in flesse mei in brief yn see. De post waard yn 1991 fûn op it strân yn Noard-Dútslân, sa'n 300 km fierder.

De finer miende lykwols dat Mike (sûnder in "e" nei de letter M) in man wie. Uteinlik kaam er der achter dat it om in frou gie, en fia Facebook koe er de flessepost woansdei werombesoargje by de ferstjoerder.

Trefwurden: 
flessepost
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)