Súdlannen 2 miljoen djoerder

De ûntwikkeling fan wenwyk De Súdlannen yn Ljouwert kostet de gemeente hast twa miljoen euro mear as begrutte. Dat komt omdat der ferplicht arsjitektoanyske ûndersiken komme moasten. De gemeente moast dêrneist ferfangend briedgebiet fine foar de skriezen dy't oars yn De Súdlannen te plak koene.
De ekstra proseduerekosten foar De Súdlannen komme oan bod yn it rapport fan de tydlike kommisje yn de Twadde Keamer, dy't de sterk omheechrinnende huzeprizen yn de jierren '90 ûndersocht hat.
De ekstra proseduerekosten yn De Súdlannen binne symptomatysk foar alle nijbouwiken yn it lân, stelt wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert.