Brúnfisk oanspield en stoarn

Brúnfisk © ANP
In libbene brúnfisk is woansdeitemiddei op Skiermûntseach ûnder de eagen fan boskwachter Cynthia Borras fan Natuurmonumenten ferstoarn. De brúnfisk is de lytste walfiskeftige yn ús wetters.
De fisk libbe noch doe't er fûn waard. De boskwachter en oaren besochten it bist noch te rêden, mar de brúnfisk begûn bloed te spuien en gong dea. Dat wie ferskriklik om te sjen, sa twittere boskwachter Cynthia Borras.