Frjentsjer wol wettersporters

11 apr 2013 - 15:19

Der moatte mear wettersporters nei Frjentsjer lutsen wurde. Dêrfoar hat de gemeente Frjentsjerteradiel it programma Kanaalzone ûntwikkele, dêr't se 5,5 miljoen euro foar út it Waadfûns freegje. De plannen bestean û.o. út it ferfangen fan de Stasjonsbrêge en der komme oanlisplakken oan de bolwurken foar de boatsjes fan de noardlike alvestêderûte.

Yn it Van Harinxmakanaal wurde maatregels nommen om de golfslach tsjin te gean. Dêrtroch wurdt it foar boatsjeminsken nofliker om dêr foar de wâl te lizzen.

Trefwurden: 
wettersporter Kanaalzone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)